Witmarsum 2018 als voorbeeld

Op 22 september mochten Wim Beckers en Klaas Smit een presentatie geven over hoe Witmarsum aansluiting zoekt bij Culturele Hoofdstad 2018. Deze bijeenkomst was georganiseerd door de gemeente Littenseradiel. Vooral de manier waarop we in Witmarsum het project Witmarsum 2018 hebben opgezet en aanpakken, blijkt een houvast te zijn voor andere dorpen. Zie hieronder het bericht over die avond dat verscheen op de site van Littenseradiel.

 

Earste ideeën oer KH2018 Littenseradiel op drokbesochte jûn

It gemeentebestjoer fan Littenseradiel wol graach bydrage oan it sukses fan Kulturele Haadstêd 2018 en organisearre dêrom in ynformaasje- en ynspiraasjejûn hjiroer. Hoewol’t 50 man ferwachte waard, kamen der 22 septimber sa’n 70 minsken nei It Dielhûs yn Wommels. Unde de oanwêzigen wienen partikulieren en fertsjintwurdigers fan doarpsbelangen, dorpshûzen, ûndernimmersferieningen, LTO, keunstners, eveneminteorganisaasjes en rekreaasje- en toeristebedriuwen.

Stimulearjende en ferbinende rol foar de gemeente

Boargemaster Johanneke Liemburg, en portefûljehâlder KH2018, liedde as deifoarsitter de jûn yn. De gemeente sjocht behalve it stimulearjen en ferbinen, gjin grutte rol foar harsels weilein by KH2018. Dizze jûn is dêr in foarbyld fan en se is bliid mei de grutte opkomst. Projekten út de mienskip sille troch de inisjatyfnimmers sels droegen wurde moatte, ek finansjeel.

Team 2018, Kening fan ‘e Greide en foarbylddoarp Wytmarsum

Om de oanwêzigen entûsjast te krijen, wienen der trije sprekkers útnoege. Immie Jonkman fan it projektburo KH2018, joech de seal ynsjoch yn de êftergrûn, organisaasje, finânsjes, doelen en programma’s fan KH2018. Neist de bidbook-projekten binne der de iepen programma’s Royal Friesian en Lab Leeuwarden. Hjirbinnen is noch folop rûmte foar nije ideeën; sels oant yn 2018. De twadde sprekker, Klaas Sietse Spoelstra, entûsjasmearre de oanwêzigen foar bioferskaat yn it greidelânskip. Hy dielde ek syn soarch oer it ferdwinen dêrfan. Sytze Pruiksma makket mei muzyk diel út fan dit projekt. Klaas Sietse lei sa de ferbining tusken natuer en kultuer en sleat ôf mei in útnoeging oan de oanwêzigen om him te ferrasseb nei inisjativen. Ta beslút joech Wim Beckers as lêste sprekker oan, hoe’t syn doarp KH2018 oangrypt om aktiviteiten te ûntploaien. Dit soarget no al foar fersterking fan de mienskip. Wytmarsum hopet dat meidwaan oan KH2018 ek nei 2018 eat opleveret foar it toerisme, it behâld fan jonge minsken yn it doarp en foar de pleatslike tsjerke.

De earste ideeën út de mienskip

De earste doarpen yn ús gemeente binne al oan de gong. Sa is Spannum al aktyf rûn harren ikoan Sybrand Roorda, om in iepenloftspul en in glêsraam te organisearjen. De tsien doarpen dy’t nei Ljouwert sille mei de weryndieling, ferienige yn ‘Nij Baarderadiel’, binne ek al dwaande foar KH2018; it idee is om de doarpen sichtber oan inoar te ferbinen mei bije- en flinterlinten. En it Greidhoek’ Festival hat in plan om basisskoallen te berikken en se kontakt lizze te litten mei bern yn it bûtenlân en mei harren kennis oer de eigen natuer en kultuer te dielen. Op 22 septimber koenen de oanwêzigen yn it skoft harren ideeën en tips op ‘flipovers’ sette. Hjirûnder wienen ûnderwerpen as it feroarjende lânskip, filtkeunst yn en om Baard, in kuiertocht lâns kulturele rykdom, it KH2018-logo yn alle stopljochten yn Fryslân, of dat de doarpen 90.000 origami-grutto’s aanbieden aan de 100.000 ynwenners fan Ljouwert.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje fine jo op de websides www.kh2018.nl, www.keningfanegreide.nl en www.witmarsum2018.nl.